In bedriuw fan betsjutting kin hjoed-de-dei net mear sûnder in 'slogan'.
In koarte slachsin dy 't yn in pear wurden in hiele protte seit oer in bedriuw, produkt of tsjinst.
Guon slogans binne yn de rin fan de tiid tige ferneamd wurden. Tink mar oan 'Die pet past ons allemaal' (Politie) of 'Dit is de man, dit is zijn bier' (Amstel).
Brouwer & Brouwer, ús pleatslike grûnfersetbedriuw (en haadsponsor fan www.eastermar.nl) wol mear omtinken jaan foar de minsken yn harren bedriuw.
"As ús masines earne west hawwe, dan is der fakentiid in soad bard. Mar it binne de minsken dy 't foar de kwaliteit soarge hawwe. Harren ynset wurdearje wy en ús klanten tige", aldus Rienk Brouwer.
Mei dizze gedachte yn de efterholle sil tenei it roljend materieel fan BBBV rûnride mei dizze Fryske slogan:
'Us minsken meitsje it ferskil'.
-
- Informatie
- 29 maart 2024
Agenda ALV Doarpsbelang
Op dinsdag 16 april om 19.30 in de Hege Stins is er een ALV van Doarpsbelang. In deze pdf leest u de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2024
Nijs fan de Iterstùn en it Itersbosk
Groene lentekriebels in de Iterstún: er zijn ladingen groenten gezaaid die straks geplant worden op... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze »