Eastermar.nl is der net allinne foar it hjoeddeiske doarpsnijs mar is fuortendaliks ek in argyf. Want ek alle âldere artikels binne noch werom te finen op de side en kin men beskôgje as de skiednis fan it doarp fan 2000 ôf.
Hoe kinne jo sykje yn it argyf?
- Brûk de sykmasjine. Klik op 'uitgebreid zoeken'. Mei help fan de ynstruksje dy't dan foar't ljocht komt, kinne jo ien of meardere stekwurden ynfiere. It resultaat binne alle artikels fan 2000 ôf dêr't jo stekwurd yn foarkomt. Jo kinne ek binnen in bepaalde perioade sykje.
- Brûk de kearnwurden. Alle artikels hawwe ien of mear kearnwurden. Troch op sa'n kearnwurd te klikken krije jo alle artikels mei dit selde ûnderwerp as risseltaat.
- Brûk de sitemap. Dit is in oersjoch fan de titels van alle artikels, oardere op kategory. Troch te klikken op in titel komt it folsleine artikel foar 't ljocht.
- Fierders binne de doarpskranten digitaal beskikber. De BREEDút oant en mei oktober 2014 en de Marnijs fan it tiidrek nei oktober 2014.
Under it argyf falle ek noch oare saken dy't mear mei de skiednis te krijen hawwe:
- De skiednis fan it doarp Eastermar.
- Alde foto's en ferhalen fan Eastermar
- De skiednis fan alle winkelpannen
- De skiednis fan it Eastermarder skûtsje
- It libben fan samler Dam Jaarsma