Folksferhalesamler Dam Jaarsma sammele net allinne ferhalen. Sa hie er ek in list optekene fan alle bynammen dy't doedestiids yn Eastermar foarkamen. Ut al dy nammen is by it realisearjen fan de pleintafel in kar makke en 16 bynammen binne telâne kaam op de stuollen/siteleminten fan de pleintafel.
Ald-Eastermarder Reid Hollema fan de Rottefalle bestudearre okkerdeis alle bynammen op dy stuollen op it Breed. En doe kamen der in protte oantinkens oan eartiids nei boppe. It resultaat is in list mei legindaryske nammen fan Eastermarders dy't Hollema him noch yn't sin bringe kin en nei de redaksje tastjoerde.

  1. Alde Popke, better bekend as Popke Brombeer, wenne op 'e ein fan it Wâltsje, soan wie Gratis.
  2. Ieme Boomsma, winkelman oan de E.M.Beimastrjitte, bekend as Ieme Spin.
  3. Alde Det, wenne in het s.n. Earmhûs, dêr wenne Jelle Hûntsje ek.
  4. Alde Thomas, wenne op it Mounein, altyd in skipperspet op en hy makke de boatsjes fan omke Rep, de Kastelein, skjin.
  5. Bouwe Reitsma, holp dei-yn-dei-út Folkert Haarsma mei de brijkarre, wie supersunich op syn klompen. Bouwe rûn geastlik wat achter.
  6. Ruurd Boonstra, de grienteboer, bynamme Ruurd Poerbêst en/of Ruurd Smoardrok
  7. Jan de Skuonmakker, bynamme Jan Pikdraad. Wie wolris wat ûndogensk mei froulju.
  8. Elle Wijma, bynamme Elle Klokje, ferneamde Fryske klokmakker.
  9. Ale de Vries, fisker en bekend as Ale Brêgewipper.
  10. Alde Kobus Benedictus, bekend as Kobus Kuch, sutele bôle út mei hynder en koets.
  11. Pieter Idskes, boer, wenne neist Jouke Kapper, rûnom hiel bekend en behelpsum.

Ek wyt Hollema noch te melden dat der ferskate skûtsjeskippers yn Eastermar wienen: Rommert van der Meer, Rienk van der Kuip, Sietse Poep (bynamme) en Sietse en Johannes Dykstra, dy't graach in slokje mochten en dan gauris oer de loopplanke krûpe moasten om wer oan board te kommen. Dit mislearre ek wolris...

De ferklearring fan de bynammen op de pleintafelstuollen is hjir te lêzen.

bynammen pleintafel

It oantekenboekje fan Dam Jaarsma:

Eastemarder bynammen

Eastemarder bynammen 2 225

Klik op de ôfbylding foar in gruttere foto .

Oare artikels mei âlde foto's en ferhalen:
Ek nijsgjirrich: